Hake wol "meer overtuiging en lef" sjen by Cambuur

SC Cambuur stiet noch altyd mar trije punten efter op in play-offplak, dochs is dúdlik dat der wat feroarje moat. De lêste fjouwer wedstriden waarden net wûn en freed wachtet yn Almere City in ploech dy't mar in pear plakken boppe Cambuur stiet. "Het belangrijkste is dat we ons anders laten zien dan vorige week. We moeten met meer overtuiging en lef voetballen", fynt trainer René Hake. "Dit is weer een belangrijke wedstrijd. We zitten nog op het vinkentouw."
Van der Laan foar Steenvoorden
Matthew Steenvoorden is skorst en wurdt ferfongen troch Martijn van der Laan. De ferdigener is bliid dat er wer ris yn de basis begjinne mei, hielendal om't dat net sa faak bart: "Het frustreert af en toe wel dat je vaak op de bank zit en dan ziet dat de resultaten tegenvallen." Tegearre mei Martijn Barto en Robbert Schilder heart Van der Laan by de rûtiniers. Dy rol pakt hy ek op yn de seleksje. Van der Laan: "Ik praat veel met jonge jongens over wat ze beter kunnen doen en wat er van ze verwacht wordt bij een club als Cambuur."
Oanfal
De wiksel fan Van der Laan is mooglik net de iennige wiziging dy't Hake trochfiere sil. Foaryn moat de trainer noch kieze tusken Issa Kallon, Alvin Daniels en Justin Mathieu. Twa fan harren sille spylje, mar wa wist Hake tongersdei noch net. Darren Rosheuvel is tsjin Almere City noch net ynsetber. De middenfjilder sil nei alle gedachten moandei tsjin Jong PSV wer spylje kinne.