Maksimale straf foar 14-jierrige om moard op beide âlden

08 mrt 2018 - 13:04

De 14-jierrige jonge út Ketlik dy't yn septimber syn âlden deade, hat tongersdei in straf fan tolve moannen jeugddetinsje en jeugd-tbs krigen. It is de maksimale straf foar in minderjierrige fan 12 oant 15 jier en it is gelyk oan de eask fan it Iepenbier Ministearje. De rjochtbank achtet bewiisd dat er syn âlden opsetlik fermoarde hat.

Messtekken 

De slachtoffers, Jos Verdonk en Margreet Andriol, waarden 25 septimber dea fûn yn har hûs oan de Schoterlandsewei yn Ketlik. De 14-jierrige soan stie syn âlden dy dei oardel oere lang thús op te wachtsjen. Doe't se thús kamen, oerfoel hy harren en brocht se mei messtekken yn de hals om it libben. Dêrnei naaide er út. Dyselde dei noch koe hy troch de plysje oanhâlden wurde as fertochte.

Flechtplan

Neffens de rjochtbank hat de jonge de moard op syn âlden in skoft yn it foar pland. Al sûnt 2016 wie er dwaande mei de moard en ek hie er in flechtplan úttocht om nei de died út te naaien. By de rjochtsaak waard dúdlik dat de jonge fan syn âlden ôf woe. 

Fermindere tarekkenber

Ut ûndersyk fan saakkundigen op de jonge docht bliken dat er fermindere tarekkenber is. De rjochtbank hat dit oardiel meinaam by de straf.

Jeugd-tbs

Jeugd-tbs kin oplein wurde as der sprake is fan psychyske problemen by in jongere dy't in slim misdriuw begien hat. Dy straf kin foar maksimaal sân jier oplein wurde. De minimale tiid is trije jier mei de mooglikheid ta twa kear ferlingjen, beide kearen mei twa jier.

 

(advertinsje)