A-ware wurket mei boeren en Albert Heijn oan duorsume suvel

Suvelbedriuw A-ware set yn gearwurking mei boeren en Albert Heijn de kommende jierren fol yn op in mear duorsume suvel. Better omgean mei de boaiem, de kij en it jongfee yn it lân, krûderyk gers, it lân net mear omploegje en oare maatregels dy't goed binne foar de de natuer, wurde de kritearia dêr't it produksjeproses oan foldwaan moat.
Boeren dy't der oan meidogge, krije foarearst trije sinten de liter mear foar de molke. A-ware neamt it konsept natuerynklusive lânbou. Net folslein biologysk, mar wol rjochte op in sûne takomst foar de natuer, de boer en de konsumint. Albert Heijn sil de produkten ferkeapje.
Respekt foar natuer
A-ware lansearre it konsept ein ferline jier al. Mar woansdeitejûn joech direkteur Klaas de Jong der wiidweidich taljochting op by in sympoasium mei de namme de 'Groene generatie', yn it Marne College yn Boalsert. Utgongspunt dêrby wie dat de sterke Nederlânske melkfeehâlderij foar de útdaging stiet om suvel te produsearjen mei respekt foar de natuer.
Easken
A-ware stribbet dernei om safolle mooglik boeren binnen te heljen dy't mei dwaan wolle oan it konsept. De easken foar harren binne net mislik. Se moatte net mear kij hâlde as harren grûn oan stront ferdrage kin (grûnbûn en dat is sa'n twa kij de bunder). Se moatte oerstappe op griene stroom. It gers moat hûndert persint krûderyk wêze, wat goed is foar de greidefûgels en de boaiem sûner makket.
Kij en jongfee moatte yn it lân rinne. De grûn mei net mear omploege wurde, omdat dit soarget foar útstjit fan CO2. It fretten moat foar 80 persint bestean út gers. De kij moatte in eigen yt- en lisplak yn de stâl hawwe en genôch romte. En sa binne der noch mear saken.
It ferskil mei biologyske boeren is bygelyks noch wol dat keunstdong en medisinen net ferbean wurde. De boer dy't oan it programma fan A-ware meidocht, hat wat mear frijheid fan hanneljen as de biologyske boer.
Húsmerk Albert Heijn
De produkten dy't A-ware út de molke fan dizze bedriuwen makket, sa as molke, yochert, tsiis en spesjaalprodukten, sille ferkocht wurde ûnder it húsmerk fan Albert Heijn dat al jierren produkten fan A-ware yn de skappen hat.
Op basis fan de peilers ko, boaiem en boer moat it natuerynklusive en duorsume programma fan A-ware yn de kommende trije jier stapsgewiis ynfierd wurde.