Programma oer keunstskilder út Stynsgea winner kultuerpriis

De winners fan de Kultuerpriis Achtkarspelen © Gemeente Achtkarspelen
De Wurkgroep Portraits & Paradise út Stynsgea is winner fan de kultuerpriis yn de gemeente Achtkarspelen dit jier en krijt der 1000 euro foar. Margriet Kootstra krige de oanmoedigingspriis.
De gemeente hat de kultuerprizen ynsteld om it kulturele klimaat yn Achtkarspelen te stimulearjen. De wurkgroep Portraits & Paradise is in nij inisjatyf dat Achtkarspelen posityf op de kaart sette wol. It is in kultureel programma om keunstskilder Willem Bartel van der Kooi hinne. It is 250 jier lyn dat de skilder yn Stynsgea berne waard.