BLØF, Kensington en Ronnie Flex op it poadium fan Glemmer

08 mrt 2018 - 11:38

BLØF, Kensington en Ronnie Flex komme dit jier nei Glemmer Beach, it muzykfestival fan trije dagen op it strân fan De Lemmer. Dat wurdt foar de njoggende kear hâlden.

BLØF stiet tongersdei 30 augustus op it poadium. Op it stuit hat de band in nûmer-ien hit mei it nûmer 'Zoutelande'. In dei letter komt de Utrechtse rockband Kensington oan bar. It is net de earste kear dat se nei Glemmer Beach komme, yn 2016 wie de band ek alris fan de partij. Sneon 1 septimber treedt Ronnie Flex op. Hy is bekend fan hits as Drank & Drugs en Zusje.

De kommende wiken wurdt bekend makke wa't noch mear optrede sille op it Lemster muzykfestival.

(advertinsje)