Brêge Ofslútdyk noch altyd stikken

08 mrt 2018 - 11:36

De brêge yn de Ofslútdyk by Koarnwertersân is noch altiten net makke. It probleem spilet al sûnt tiisdei. Doe ûntstie in steuring yn de noardlike draaibrêge, wêrtroch't er net mear ticht wol. It ferkear rjochting Noard-Hollân wurdt no oer de oare brêge laat.

Dizze lêste steuring wie foar de ChristenUnie yn de Twadde Keamer reden om by de minister oan de belle te lûken. De partij fynt dat de minister om 'e tafel moat mei Rykswettersteat en de provinsjes Fryslân en Noard-Hollân, om in definitive oplossing te bepraten.

Trefwurden: 
Ofslútdyk
(advertinsje)