Wurk oan Frysk kultuerlânskip úteinset

08 mrt 2018 - 11:24

Deputearre Kramer jout woansdei de ôftraap fan it opknappen fan it kultuerlânskip yn de provinsje. Der wurdt benammen wurke yn Súdeast-Fryslân, mar ek op Skylge en by Sint-Nyk. It giet foaral om houtwâlen, elzesingels en puollen dy't oanpakt wurde. Ek wurde flink wat beammen omseage. De lege plakken wurde beplante mei soarten as de els, de iik en de hagedoarn. De puollen wurde leechhelle en dêrnei wer folle mei skjin wetter om wer romte te bieden oan ûnder oare libellen en kikkerts. Troch dizze maatregels bliuwe de floara en fauna fan it kultuerlânskip beholden.

Lânskipsbehear Fryslân wurket yn it projekt gear mei ûnder oare de Noardlike Fryske Wâlden en it Lege Midden. Sûnder it ûnderhâld ferdwynt it kultuerlânskip.

Trefwurden: 
kultuerlânskip
(advertinsje)