Mear kontrôle brommerriders

© Omrop Fryslân
De plysje kontrolearret fan tiisdei ôf brommerriders ekstra. Dat gebeurt ûnder oare mei in publykskampanje op skoallen en in spesjale webside, mar ek op de dyk. Neffens de plysje binne brommerriders in belangrike doelgroep, omdat de brommerrider fan no de autobestjoerder fan moarn is.
By de ekstra kontrôles sjocht de plysje nei it brûken fan de helm, it hawwen fan it rydbewiis, hoe't de brommer der technysk útsjucht en it riden mei drank op.