Gjin wenningen út buorgemeenten nei Eaststellingwerf

08 mrt 2018 - 08:29

De kâns dat de gemeente Eaststellingwerf hûzen bouwe sil dy't troch de provinsje tawiisd binne oan buorgemeenten, is lyts. Eaststellingwerf krijt ynkoarten mooglik te meitsjen mei in boustop, om't it maksimaal oantal tawiisde nijbouwenningen foar de kommende jierren al yn de planning stiet om boud te wurden. Hjirtroch ûntstiet der in lange wachtlist fan minsken dy't ek bouwe wolle, mar dat noch net meie.

Buorgemeenten wolle yn de takomst wol sjen nei de tawizing fan in grutter tal nijbouwenningen yn Eaststellingwerf, mar dat mei net ta skea wêze fan de nijbou yn de eigen gemeente.

(advertinsje)