Kollum: "Suit Supply"

"Besmeurd, bekladde, yngoaid en ôfplakt - dat is wat der barde mei tsientallen reklameposters dêr't twa tútsjende manlju op stean. De manlju ha kreas de klean oan, meitsje gjin obsene gebearen en promoatsje neat kontroversjeels. Gewoan in reklame foar in kleanmerk, yn posterfoarm ophongen yn bushokjes.
It is nuver, mar ik sels, homo, sjoch fan sokke berjochten einliks amper mear op. Ik ha al in pear jier op it wurd 'homo' in google news alert, en elke wike krij ik in oersjoch fan grut en lyts nijs op dat mêd. Ik krij ylt op myn siel. Yn Zwolle waard der in swastika op skildere, en online kamen der ek reaksjes. Ik ha in pear sammele.
Reaksje 1: 'Misschien worden mensen er wel erg ziek van dat ze continu, elke dag weer GEDWONGEN worden om homo's te accepteren, je moet ze tegenwoordig leuk vinden. Het word (sic) door je strot geduwd, daar ben ik persoonlijk ook echt helemaal klaar mee.'
Reaksje 2: 'Ze willen maar dat je zegt homo's zijn geweldig dat ze zoveel aandacht krijgen. Ach flikker toch op. Zijn toch ook geen heteroposters.'
Reaksje 3: 'Straks loop ik in de stad langs zo'n poster met mijn zoontje; en zo maken ze hem dan al homo.'
Ik kin soks ienfâldich wjerlizze. Sa as dat je homo's net leuk hoege te finen, mar dat der noch al wat tusken leuk en swastika's yn sit; sa as dat je werklik dea goaid wurde mei heteroposters mar dat soks de gemiddelde persoan blykber net opfalt; en sa as dat homo's net makke wurde, mar dat homoseksualiteit in kwestje fan oanlis is, in kombinaasje fan genen en hormoanen yn 'e mem by de swangerskip. Mar moat ik dat dwaan? Alwer?
Ja. Hjir sjogge we hoe't der wier tocht wurdt oer LHBT'ers, mar wat meastal wat bedekt bliuwt. Ik ha it al faker sein: der is noch altyd in groep yn Nederlân dy't der gjin beswier yn sjocht dat it wurd 'homo' as skelwurd brûkt wurdt. It NOS Jeugdjournaal makke ferline wike in item oer hoe't it op skoallen giet.
Foaral yn 'e brêgeklasse hearre je it faak, sa stelt de NOS fêst. Dat seit my twa dingen: ten earste dat dit dus bart, en ten twadde dat it yn de hegere klassen, as bern wat tûker wurde, as bern wat folwoeksener en empatysker wurde, it diels ôfleare.
Diels. Want oars waarden die abrys net bekladde of kapottrape, en kamen der online net sokke ûnbegryplik domme teksten. We tinke wolris dat de homoakseptaasje yn Nederlân wol klear is. We ha al santjin jier it homohoulik, we ha al mear as tritich jier de Canal Parade en we ha organisaasjes as it COC. En we ha dochs ferstân, as mienskip wurde we ek reedliker en begripe we mear. Dat soene je tinke.
In grapke of nijs oer homo's of homo en gay as skelwurd. Ien kear kinne je it hawwe, net sa slim, je moatte earne tsjin kinne. Nei in pear kear wurdt it yrritant, dan witte je it wol en begjint it te fielen as in stien dy't de skoech mar net út wol. Nei in skoftke kinst oan neat oars mear tinke, en bepaalt it dyn libbenshâlding kompleet. Dêrom binne sommige LHBT'ers sa aktivistysk, dêrom wolle we it der oer ha, dêrom moat der wat feroarje. Want it giet mar troch.
Ik brûk elk poadium dat ik ha om hjir oer te praten. Alle dagen wer. En soms tink ik wolris dat it foar my al te let is, dat ik al tefolle yndoktrinearre, hersenspield miskien, troch it fergif fan de slûpende homohaat. Dat ik al tefolle akseptearje, troch myn ylt tefolle oer my hinne lit. Mar krekt dy bern, sa as dy jonge út it Jeugdjournaal, dy't der efterkomme dat se yn de genetyske en hormonale situaasje west binne dat der foar soarget dat se harren eigen geslacht leuker fine as it oare, dy ha it nedich dat dit ophâldt.
Twa tútsjende manlju op in poster yn in bushokje. Wat feroaret dat oan dyn libben."