Wethâlder oerlibbet moasje fan ôfkarring om Blokhúspoarte

Wethâlder Henk Deinum hat in moasje fan ôfkarring oan syn broek krigen yn it debat oer de ferbouwing fan de Blokhúspoarte yn Ljouwert. De moasje waard yntsjinne troch de partijen Lijst 058 en de VVD. Se fine dat Deinum tekoartsketten is yn de ynformaasje oan de ried. Hy hie earder en aktiver de ried ynformearje moatten oer de ûntstiene tekoarten. De moasje helle it net. Deinum krige de stipe fan de koälysjepartijen en inkelde opposysjepartijen.
De yntsjinners fan de moasje falle benammen oer ien gearkomste. Op 14 febrewaris is de ried yn it geheim bypraat oer tekoarten by de ferbouwing troch eksploitant BOEi. Der wie 22 miljoen euro begrutte, sa fertelde wethâlder Henk Deinum dêr, en der drige no in tekoart fan 1,2 miljoen euro.
Budzjet
In dei letter makke it Friesch Dagblad bekend dat der mar in budzjet wie fan 19,2 miljoen euro. In bedrach dat al earder bekend wie by de belutsen partijen. Neffens Deinum gie it yn dy gearkomste oer it budzjet sa't dat yn 2014 by it begjin fan de ferbouwing ôfpraat is mei BOEi. Otto van der Galiën fan Lijst 058 en Harry Bevers fan de VVD bestride dat. Neffens Bevers is der praat oer 'Stand van zaken herbestemming Blokhuispoort'. Dat hat neffens de VVD'er neat te krijen mei wat Deinum no seit.
Spyt
Deinum moast wol troch it stof. Oan it begjin fan de gearkomste sei er dat hy spyt hat fan alle ophef dy't ûntstien is. Dat hat neffens him in grutte ynfloed hân op elkenien dy't belutsen is by de ferbouwing fan de Blokhúspoarte. Ek sei hy op oantrúnjen fan ChristenUnie foarman Frits Rijpma dat hy spyt hat fan de minne kommunikaasje nei de gemeenteried. Hy betreuret de moasje fan ôfkarring, mar bliuwt by syn ferklearring dat hy de ried net bewust ferkeard ynformearre hat. Deinum seit ek dat it de gemeente gjin jild koste hat.
Tekoart
It draait allegear om it tekoart dat ûntstien is by de ferbouwing fan de Blokhúspoarte. Untwikkelder BOEi komt 5,6 miljoen euro tekoart. 4,4 miljoen foar al it wurk dat mear dien is as ôfpraat en 1,2 miljoen foar it ôfmeitsjen fan it wurk dat der noch leit. It giet dan om ûnder oare om de kapel en de luchtbehannelingsynstallaasje by poadium Asteriks.
Ynkoarten komt BOEi mei in plan fan oanpak. Wethâlder Henk Deinum hat it folste fertrouwen dat alle saken dy't no noch net klear binne, dan wol ôfmakke wurde.