De 16e-iuwske Watergeuzen wiene Frysk docht bliken
Net Den Briel, mar it Waadgebiet wie it wichtichste striidtoaniel foar de Watergeuzen. En dy Watergeuzen bestiene foar in grut part út Friezen. Dat docht bliken út ûndersyk troch histoarisy Jan Houter en Anne Doedens. Sy hawwe de argiven fan de Hertoch fan Alva yn Brussel ûndersocht en kamen dêr hûnderten ferwizings nei benammen de Waadeilannen tsjin. Ek Harns komt ferskate kearen yn de boarnen foar. It giet ûnder oaren oer brieven fan stêdhâlder Caspar des Robles oan de Hertoch fan Alva dêr't hy yn skriuwt oer de aksjes fan de Watergeuzen.
Yn de Nederlânske skiednis binne de Watergeuzen benammen ferneamd om't sy as earste in stêd wisten te befrijen fan de Spaanske besetter. Dat wie de stêd Den Briel yn 1572. Mar neffens Houter en Doedens wiene de jierren dêrfoar folle wichtiger foar de Watergeuzen. Doe hawwe se in grut oantal kearen yn aksje west op it Waad. De Watergeuzen wurde sjoen as foarrinner fan de hjoeddeiske Nederlânske marine.