Plan foar elektryske auto's yn Ljouwert fan tafel

07 mrt 2018 - 21:29

Dit jier ride gjin elektryske auto's troch Ljouwert foar it ferfier fan âlderen en minsken mei in beheining. De ChristenUnie fan Ljouwert lûkt it plan foar in auto dêr't minsken sa yn- en útstappe kinne yn. De partij fûn it goed passen by Ljouwert Kulturele Haadstêd.

Ien fan de tûkelteammen is no dat der gjin sjauffeurs beskikber binne. De ChristenUnie woe minsken mei in útkearing ynsette foar it ferfier, mar dy binne net beskikber. Fraksjefoarsitter Frits Rijpma fan de ChristenUnie baalt as in stekker. "It plan stjert sa yn al syn moaiheid."

(advertinsje)