Sicko Heldoorn nei Huizen as waarnimmend boargemaster

07 mrt 2018 - 20:51

Sicko Heldoorn wurdt waarnimmend boargemaster fan de gemeente Huizen yn Noard-Hollân. Hy folget dêr Fons Hertog op, dy't ferline moanne syn funksje as boargemaster dellei. De 61-jierrige Heldoorn wie de ôfrûne jierren aktyf as boargemaster yn de gemeente Dantumadiel, ek as waarnimmer. Dêrfoar wie de PvdA'er boargemaster fan de gemeente Opsterlân en deputearre fan de provinsje Fryslân.

De kommende jierren sil de gemeente Huizen fusearje; dêrom wurdt der yn de tuskentiid allinne in waarnimmer beneamd.

(advertinsje)