Ite en prate oer de posysje fan froulju

08 mrt 2018 - 07:00

Goed fyftich froulju komme tongersdei op Skiermûntseach byinoar foar in moarnsbrochje. Sy dogge dit yn it ramt fan Ynternasjonale Frouljusdei. Oer de hiele wrâld wurdt tongersdei omtinken frege foar de posysje fan de frou. It giet dan bygelyks om ekonomyske selsstannichheid, húslik geweld en oare saken op it mêd fan emansipaasje en partisipaasje.

It idee foar it moarnsbrochje komt fan boargemaster Ineke van Gent fan Skiermûntseach. De froulju sille mei-inoar ite en prate, mar der komt ek in sprekker en der is muzyk.

(advertinsje)