Ljouwerter strannen bliuwe tagonklik as der festivals binne

Minsken kinne by de Ljouwerter festivals tenei gewoan gebrûk meitsjen bliuwe fan de strannen yn it Griene Stjer gebiet by Ljouwert. Dy tasizzing docht wethâlder Sjoerd Feitsma. Yn de ried fan Ljouwert wurdt de kommende tiid praat oer in nije omjouwingsfergunning. Dy waard ferline jier ferneatige troch de rjochter.
Alle partijen fine dat it gebiet altyd tagonklik wêze moat foar alle rekreanten. Earder waard it grutste part by festivals as Psy Fi ôfset. Allinnich it neakenstrân wie dan berikber. Dat wurdt no oars, sa sei wethâlder Feitsma by de behanneling yn de gemeenteried. Sa as it no liket bliuwt dizze simmer it strân it tichtste by de Ljouwerter wyk Camminghabuorren beskikber foar badgasten. Ek it neakenstrân is gewoan tagonklik krekt as it strân dêr't de hûnen swimme meie.