Waadauto is fan Stan út Helmond: "Ik schrok me kapot"

07 mrt 2018 - 19:54

De 19-jierrige Stan út Helmond is de eigener fan de auto dy't al in pear dagen parkearre stiet yn de Waadsee. "We wilden met een groep vrienden naar Groningen rijden," fertelt Stan oan Omroep Brabant. Mar der waard in tuskenstop makke om mei eb de Waadsee by Sint-Jabik op te riden. En dêr gie it mis.

Auto fêst

De auto fan Stan kaam fêst te sitten yn it slyk. "We hebben geprobeerd om met een andere auto mijn auto eruit te trekken, maar hij zat helemaal vast." Yntusken kaam it wetter hieltyd tichterby. "Mijn maat zei: Hé, dat water stond net nog niet zo dichtbij. Toen schrok ik me kapot." En dus siet der neat oars op om de auto efter te litten. "We hebben de politie gebeld om te vertellen wat er was gebeurd."

De auto wurdt tongersdei troch in spesjaal team fan Rykswettersteat fuorttakele. "Dat wordt nog een heel circus, met auto's met rupsbanden en graafmachines. Het gaat me duizenden euro's kosten." En dan te betinken dat de auto fan Stan te keap stie. "Ja, ik wilde er al een tijdje vanaf."

Les leard

De Helmonder hat syn leske wol leard, sa fertelt er sels. "Het was echt heel stom. Ik heb er heel veel van geleerd. De komende tijd moet ik op mijn fiets naar mijn werk."

Trefwurden: 
Sint Jabik Waadauto
(advertinsje)