"Petear op heech nivo nedich oer draaibrêgen yn Ofslútdyk"

© CAMJO media
De steuringen yn de draaibrêgen by Koarnwertersân liede ta ergernis, ûngemak en in soad ekonomyske skea. Dat seit Twadde Keamerlid Stieneke van der Graaf fan de ChristenUnie. Dy partij hat dêrom Keamerfragen steld oan minister Van Nieuwenhuizen fan Ynfrastruktuer en Wettersteat.
Rykswettersteat hie ferline jier de tasizzing dien dat de steuringen ferline tiid wêze soene, mar dochs wiene der de ôfrûne wiken problemen mei de brêgen yn de Ofslútdyk. De minister soe dêrom mei de provinsjes Fryslân en Noard-Hollân en mei Rykswettersteat om tafel moatte, om de problemen op koarte termyn definityf op te lossen.