Primeur foar Hjerbeam mei mûne foar folsleine doarp

07 mrt 2018 - 18:01

Húshâldingen yn de omjouwing fan Hjerbeam krije fan takom wike koarting op harren enerzjyrekken. Yn it doarp wurdt dan de saneamde 'buertmûne' iepene, in wynmûne dy't fan de minsken sels is. Ynwenners hoege, as se oerstappe, gjin enerzjybelesting mear te beteljen, wêrmei't se sa'n twahûndert euro yn it jier besparje. It inisjatyf komt fan enerzjykoöperaasje Qurrent en wynmolefabrikant EWT en is in lanlike primeur.

Opmerklik is dat fan de dielnimmers gjin ynvestearring yn it foar ferwachte waard. It inisjatyf is finansiere troch crowdfunding en in subsydzje fan it Fûns Skjinne Fryske Enerzjy. De húshâldingen betelje wol in bedrach oan kontribúsje, mar de totale besparring op de enerzjyrekken is flink heger. 
 

Trefwurden: 
Hjerbeam wynmûne
(advertinsje)