Powerkolleezje: De Waadsee as rinnend buffet

07 mrt 2018 - 17:30

Katja Philippart fan de Waadakademy leit yn har powerkolleezje út wêrom't de Waadsee al hûnderten jierren it rinnend buffet is foar minske en fûgel. De ûndersiker en heechlearaar oan de Universiteit Utrecht wurket al sûnt 1994 by it NIOZ (Nederlands Instituut voor Onderzoek der Zee) en rjochtet har ûndersyk no op it libben yn de Waadsee. "Ongeveer 20.000 jaar geleden lag de huidige Waddenzee nog hoog en droog en ruim 300 kilometer van zee. De natuurlijke rijkdom van dit Waddengebied trok mensen van heinde en verre. Naast de jacht op vogels en vissen, werden ook schelpdieren zoals oesters, kokkels en mosselen verzameld als voedsel", seit Phillipart yn har kolleezje.

Powerkolleezje

It Waadgebiet is it ferneamste gebiet fan hiel Fryslân. Alle jierren lûkt it tûzenen besikers en it stiet sels op de wrâlderfgoedlist. Dêrom fertsjinnet dit gebiet, mei al syn ferskate kanten, mear omtinken en jout de Waadakademy alle moannen in powerkolleezje yn Fryslân Hjoed.

De foarige kear joech Hessel Speelman in kolleezje oer de foarming fan it Waad.

(advertinsje)