LIVE: IepenUP oer feest

In hiele bysûndere edysje fan IepenUP dizze wike, it giet dizze wike nammentlik oer: FEEST! Ferskate muzykstilen en kultueren komme oan bar yn it programma fan jûn. Wa't meifeestje wol is fan 20.00 oere ôf wolkom yn poppoadium Neushoorn en: der mei dûnse wurde. Fansels is it ek mooglik om IepenUP te folgjen fia de livestream hjirboppe.

Feest!

Wa kinst ferwachtsje: Hindoestaanske reggaeband The Lions Den Band, Klezmerband Di Gojim, DJ De Rooie Jager, de Marokkaanske feestband Fiesta Salama Band en de Fryske Gaatze Bosma. Tuskentroch sjogge wy ûnder oaren nei yllúzjonist David Globe, fjoerspuister Welly Bosgraaf fan de Dragongirls, de nijste trends yn feestartikels en in tal fan ferrassingen...

Alles kin yn IepenUP

Diskusje, optredens, lêzingen, fideos en muzyk; yn de wyklikse talkshow IepenUP yn poppoadium Neushoorn kin alles. Alle woansdeis steane yn it programma de aktualiteiten yn de wrâld sintraal; hoe libje wy mei syn allen, watfoar subgroepen meitsje dêr diel fan út en hoe soargje wy derfoar dat wy inoar faker moetsje en better begripe? Dat binne saken dy't oan bar komme yn IepenUP.
Elkenien kin oanwaaie komme en meidwaan oan de diskusjes yn kafee De Backstage yn poppoadium Neushoorn. It programma set alle woansdeis om 20.00 oere útein en is ek te folgjen fia Omropfryslan.nl en de Facebookside fan Omrop Fryslân. Mear ynformaasje oer IepenUP is te finen op harren Facebookside. IepenUP is in inisjatyf fan Omrop Fryslân, Tresoar en Neushoorn Café en LF2018.