Steuring yn sirenes noch net oplost

De steuring dy't der moandei foar soarge dat de sirenes yn in part fan de provinsje net te hearren wienen, is noch hieltyd net oplost. Dat meldt de Veiligheidsregio. Earst wurdt lanlik nei in oplossing socht, mar as dat net slagget, kin it wêze dat monteurs alle sirenes ien foar ien by del moatte om it probleem te ferhelpen. Dan sil de Veiligheidsregio útsykje watfoar sirene it wol en net die. "It globale byld dat we no ha, is dat de helte net wurke," fertelt Sytske Balt fan de Veiligheidsregio.
De steuring yn de sirenes wurdt feroarsake troch in rûzje tusken stroomleveransiers yn Súd-Europa. Dyselde rûzje soarget derfoar dat de klokken hjir wat achter rinne. Salang't de sirenes net wurkje, sil de Veiligheidsregio yn gefal fan need NL-alerts ynsette, of, as dat nedich is, de minsken doar-oan-doar of mei lûdsweinen warskôgje.