FIDEO: Bestjoer Jouster skûtsje wol tichter op skipper sitte

07 mrt 2018 - 17:43
  • Bestjoer Jouster skûtsje wol tichter op skipper sitte

It wie ôfrûne simmer ien fan de opfallendste saken by it skûtsjesilen yn de SKS: it skûtsje fan De Jouwer waard troch it bestjoer fan de SKS út kompetysje helle. Dit waard dien om't se de orizjinaliteitsregleminten oertrêden hawwe soene. Skipper Dirk Jan Reijenga woe fanwege de feiligens oan board gjin oanpassingen dwaan oan it mêstbeslach.

Der tichter op

It bestjoer fan de stichting efter it Jouster skûtsje hat no it beslút naam om har mear mei de beslútfoarming te bemuoien om in saak lykas dy fan ôfrûne simmer yn de takomst foarkomme te kinnen. Tjeerd de Jong, foarsitter fan de stichting Skûtsje Haskerlân, seit mei klam dat der ferline jier gjin mieningsferskil wie tusken de stichting en skipper Dirk Jan Reijenga: "It wie mei it ferstân fan doe en de kommoasje fan doe miskien wol de bêste beslissing. Der is doe goed oer praat en der is in kar makke. Achterôf sizze je, it hat net de goede kar west...."

Adviseur

De nije skipper fan it Jouster skûtsje Rinus de Jong wie woansdei te gast yn Fryslân Hjoed. Hjiryn fertelde er dat Arend Wisse de Boer oannaam is as adviseur by it Jouster skûtsje. De Boer is bekend fan de IFKS dêr't hy skipper is op de Drie Gebroeders. 

(advertinsje)