Rydûntsizzing en boete foar Drachtster scooterrider

07 mrt 2018 - 15:49

In 49-jierrige Drachtster mei meikoarten net mear mei syn bromscooter ride. Alteast as de man net yn heger berop giet tsjin it fûnis fan de plysjerjochter woansdei. De Drachtster waard feroardiele, omdat er in plysjekontrôle wegere hie om te blazen. Omdat it de twadde feroardieling binnen fiif jier is, wurdt it rydbewiis fan de Drachtster automatysk ûnjildich ferklearre.

De man waard yn de nacht fan 29 desimber 2015 oanhâlden. Op strjitte woe er noch wol blaze, mar op it plysjeburo wegere hy mei te wurkjen oan de test. Hy hat wol tajûn dat hy acht of njoggen fleskes bier dronken hie. De man rekket dus no alle gedachten syn rydbewiis kwyt, mar krijt ek in boete fan 400 euro en in rydûntsizzing.

(advertinsje)