Fryslân moat yn july twa wiken fossylfrij wêze

07 mrt 2018 - 14:41
  • Tsjeard Hofstra, projektlieder

Fryslân moat 1 oant en mei 14 july hielendal fossylfrij wêze. Benzine-auto's en diselauto's binne dan net wolkom yn ús provinsje. Dat is it stribjen fan studinten dy't de Elfwegentocht betocht ha. Om derfoar te soargjen dat der gjin fersmoargjende auto's Fryslân ynride, is der by de Ofslútdyk alfêst in oerstappunt iepene. Dêr kinne bestjoerders harren auto achterlitte en oerstappe yn duorsum ferfier. Der sille ek oerstapplakken by Drachten, De Lemmer en Wolvegea komme, dy't as poarte nei in skjin Fryslân tsjinje moatte. "Doel is dat we minsken oan it tinken sette, hoe sjocht myn takomst en dy fan myn bern derút?" fertelt projektlieder Tsjeard Hofstra.

De organisaasje hat der alle fertrouwen yn dat minsken duorsum ride sille yn july en fynt it net nedich om by de oanrydwegen te kontrolearjen. Tsjeard Hofstra: "Ik fyn dat je minsken yn dizze wrâld fertrouwe moatte. En as je de oprop dogge om it mei mekoar te dwaan, dan komt it fêst goed. Wy moatte de rest fan Nederlân sjen litte dat it kin yn Fryslân."

Yn Fryslân ride al sa'n 2.000 oant 3.000 duorsume auto's, bygelyks op grien gas, blauwe disel of wetterstof. "Kinst ek de auto stean litte, en de fyts pakke of de skeelers."

Trefwurden: 
fossylfrij Elfwegentocht
(advertinsje)