Rykswettersteat berget auto dy't al dagen op it Waad stiet

07 mrt 2018 - 14:26

Rykswettersteat sil tongersdei in auto út de Waadsee by Sint-Jabik bergje. De auto stiet der al in pear dagen tsientallen meters út de kust. De bestjoerder is nei alle gedachten mei de froast it Waad opriden en hat de auto achterlitten. De auto stiet no hielendal fêst yn it slyk en strûpt by heech wetter ek ûnder.

Rykswettersteat is min te sprekken oer de aksje fan de bestjoerder. It giet om in beskerme, kwetsber natuergebiet dêr't gjin auto's komme meie. Se witte wa't de eigener is en sille de kosten fan de berging op dizze persoan ferhelje.

(advertinsje)