Minnertsgeaster krijt gjin gelyk fan de steatsried

07 mrt 2018 - 14:11

De gemeente Waadhoeke hat in ynwenner fan Minnertsgea terjochte sommearre in yllegaal skuorke ôf te brekken. Dat wie woansdei de útspraak fan de Ried fan Steat, dêr't de ynwenner ôfrûne moanne yn heger berop gong wie. De steatsried is it iens mei de gemeente dat op it hiem oan de Rispinge it maksimale oerflak oan tastiene bebouwing stiet. Foar it skuorke fan goed tweintich kante meter kin dan ek gjin fergunning jûn wurde.

De Minnertsgeaster hat al tsien jier spul mei de gemeente oer yllegale of ûndersteld yllegale bousels op syn hiem. Hy woe 80.000 euro fan de gemeente foar syn oprûne rjochtsbystânskosten, mar de Ried fan Steat hat ek dizze eask ta skeafergoeding ôfwiisd.

Trefwurden: 
skuorke yllegaal Minnertsgea
(advertinsje)