Werynrjochting Suderwei Feanwâlden úteinset

© Nanne Nicolai
De werynrjochting fan de Suderwei yn Feanwâlden is woansdei offisjeel úteinset. Dat barde mei de ûntbleating fan in bouboerd troch deputearre Johannes Kramer en wethâlder Roelof Bos. De Suderwei wurdt opnij ynrjochte nei in soarte fan doarpsstrjitte. Mei it meitsjen fan in griene omjouwing en oare oanpassingen wurdt it trochgeande karakter fan de Suderwei ûnderbrutsen. Ynwenners en ûndernimmers binne nau belutsen by de planfoarming. Op 26 maart begjinne de wurksumheden. Ein july 2018 moat it klear wêze.
De werynrjochting fan de Suderwei is ûnderdiel fan it projekt Kansen in Kernen (KiK). De provinsje Fryslân en de gemeenten Dantumadiel en Tytsjerksteradiel wolle sa de leefberens yn Damwâld, De Falom, Feanwâlden, Hurdegaryp, Burgum en Garyp ferbetterje. No't de Sintrale As brûkt wurdt, komt der folle minder ferkear troch dizze doarpen.