Nils Terpstra foar Fryslân yn Senaat Nederlandse Kinderjury

Nils Terpstra fan de Professor Wassenberghskoalle yn Lekkum is út hûnderten bern keazen om foar Fryslân plak te nimmen yn de Senaat fan de Nederlandse Kinderjury. De sjuery, mei út elke provinsje in fertsjintwurdiger, bestiet út bern yn de leeftiden fan 6 oant en mei 12 jier. Se kieze it bêste berneboek.
Harmen van Straaten, skriuwer en yllustrator fan berneboeken, kaam op de skoalle lâns om Nils it nijs te fertellen. It wie in grutte ferrassing foar de 10-jierrige learling út Ljouwert. "Ik vind het een hele eer en had het echt niet verwacht." Ek master Jasper wie ferrast. "Dat hij gekozen is, is hartstikke mooi. Het is dik verdiend, hij is echt een lezer."
De stimperioade is woansdei ek iepene en bern kinne oant 18 april stimme. De Senaatsleden sille stimmen winne, in sjueryrapport skriuwe oer de fiif boeken mei de measte stimmen en se rikke in eigen priis út: de Pluim van de Senaat. Op 27 juny makket de Senaat de twa winners fan de bernesjuery bekend.