Aksje foar nij skoalgebou yn Tsjalbert

07 mrt 2018 - 11:57
  • Aksje foar nij skoalgebou yn Tsjalbert
  • Skoaldirekteur Alberta Hoekstra
  • Wethâlder Hans Broekhuizen

Yn Tsjalbert binne âlden, masters, juffen en direksje fan de gearwurkingsskoalle De Nijewier woansdei yn aksje kaam foar in nij skoalgebou. Dat gebou moat by de multyfunksjonele akkommodaasje komme yn it doarp, mar dat duorret folle langer as ferwachte. De fúzjeskoalle is fan it skoaljier 2016-2017 ôf aktyf en sit noch yn in tydlik ûnderkommen. Dat kin eins net mear, lieten se oan de wethâlder en in tal riedsleden sjen by in rûnlieding.

Der is te min romte foar de goed 160 learlingen. Pjutten moatte ien kear yn de wike nei in gymseal fierderop yn it doarp, wylst se eins alle dagen eefkes goed yn beweging komme moatte. De dosintekeamer, en ek dy fan de direkteur, moat geregeld brûkt wurde foar lessen of in besite fan bygelyks in skoaldokter. Boppedat moatte bern geregeld op de gong oan it wurk.

De skoalle wol yn 2019 in nij gebou, mar neffens de wethâlder wurdt dat net earder as 2020.
 

(advertinsje)