Drachtster Lyceum baalt fan pornosaak

07 mrt 2018 - 17:00

It Drachtster Lyceum is al wiken dwaande om te achterheljen wa't pornomail ferstjoerd hat. Op 8 febrewaris is de mail - mei dêryn pornografysk materiaal - ferstjoerd nei learlingen fan de skoalle. De mail wie stjoerd fan in falsk akkount ôf út namme fan in dosinte, as soe sy de ôfstjoerder fan de mail wêze. Neffens de skoalle hat sy hielendal neat mei de mail te krijen.

"Als school zijn we geschrokken en de leerlingen zijn ook geschrokken", fertelt direkteur Daan van Weelie. "Het betreffende personeelslid is erg aangedaan en heeft er veel last van. We nemen het hoog op en hebben aangifte bij de politie gedaan, dat geeft meer mogelijkheden om de dader op te sporen."

It is noch hieltyd net dúdlik wa't it no krekt dien hat. Wol is dúdlik dat de mail bûten de wurkomjouwing stjoerd is.

(advertinsje)