Mûne De Eendragt by NHL Stenden yn Ljouwert is ferboud

07 mrt 2018 - 11:31

De mûne by NHL Stenden Hegeskoalle is folslein ferboud en hat nije funksjes krigen. De wjukken draaie net, mar studinten kinne der studearje, mar ek yn bidde. Op de earste ferdjipping fan de mûne sit de studintepastoar en is in sintrum foar libbensskôging. Under is in seal foar sa'n 200 minsken.

De oaljemûne De Eendragt is boud yn 1786 en yn 2014 foar it grutste part ôfbaarnd. Studinten hawwe meiholpen by de ferbou fan de mûne. Om't it in gemeentlik monumint is, binne safolle mooglik âlde eleminten bewarre bleaun en noch hieltyd te sjen. Foarige wike is it geramte fan de wjukken wer op de mûne set. De offisjele iepening is tongersdei.



 

Trefwurden: 
mûne De Eendragt Stenden
(advertinsje)