Eaststellingwerf hat noed oer boustop fan nijbouwenten

© ANP
Eaststellingwerf sil op koarte termyn mei de provinsje om tafel om in boustop yn de gemeente foar te kommen. De problemen kamen tiisdei oan de oarder ûnder de riedsgearkomste. Dêr die bliken dat it kolleezje tasizzings dien hat oan belangstellenden foar in nije wenning, wylst it maksimum tawiisd oantal fan 250 nijbouwenningen al fersein wie. Neffens GrienLinks is der no in wachtlist foar 380 huzen.
Wethâlder Henk van de Boer, dy't it dossier krektlyn oernaam fan de sike wethâlder Sierd de Boer, hat tasein dat hy by de provinsje syn bêst dwaan sil om mear nijbouwenningen tawiisd te krijen.