Rykswettersteat ûndersiket swalkôffal yn de Waadsee

07 mrt 2018 - 11:05

Op trije plakken yn de Waadsee is woansdei in ûndersyk úteinsetten nei hoefolle ôffal dêr oanspield is en wat foar spul oft dat dan is. It giet om de Suderdúntsjes by Rottumereach, it eilân Gryn en de Stienplaat by Flylân. Op al dy plakken wurdt hiel krekt mei de hân teld en besjoen wat der op it strân leit. It doel is dat ûndersyk letter dit jier noch twa kear werhelle wurdt, om in kompleter byld te krijen. Mei de kennis út dit ûndersyk wol Rykswettersteat maatregels nimme om driuwend ôffal yn de Waadsee tsjin te gean. 

"Twee mensen lopen op een kilometer afstand langs de kust en daarna nog eens op honderd meter, bij wijze van spreken, op de knieën om alles precies te inventariseren," fertelt projektlieder Floris van Bentum. Dat kostet sa'n twa dagen foar elk gebiet. "Alles wat ze vinden, gaan ze in een database invoeren. Eerst kijken we naar de omvang en later onderzoeken we wat het effect op de planten is."

Rykswettersteat hat mei opsetsin keazen foar trije plakken yn de Waadsee dêr't gjin minsken komme kinne. Hjirtroch ûntstiet in goed byld fan wat foar ôffal der yn it seewetter sit en dus net it ôffal dat troch minsken efterlitten wurdt. By it kiezen fan de mominten fan it ûndersyk is rekken hâlden mei it briedseizoen fan de fûgels en it berteseizoen fan de gewoane en de grize seehûn.

Foar it ôffalûndersyk besteane ynternasjonale regels: de OSPAR rjochtlinen. Dy wurde al brûkt by it tellen fan ôffal op it Noardseestrân. Sa kinne de resultaten goed mei-inoar fergelike wurde. Dit makket it ek mooglik om te ûndersykjen oft de algemien oannommen teory wier is, dat de measte fersmoarging op it waad ôfkomstich is út de Noardsee en mei floed yn de Waadsee komt.

Trefwurden: 
Waadsee ôffal ûndersyk
(advertinsje)