Ferbean wapen en mishanneling yn Ljouwert

07 mrt 2018 - 10:41

De plysje yn Ljouwert hat tiisdei oan de ein fan de middei in 57-jierrige frou oanhâlden as fertochte fan it mishanneljen fan in minderjierrige. De plysje krige in melding binnen dat der yn de Invasiestraat in mishanneling plakfine soe. De frou sit fêst foar fierder ûndersyk.

In 32-jierrige Ljouwerter krige de plysje op besite om't hy op in foto op Facebook stie mei in fjoerwapen yn syn hân. Ut ûndersyk die bliken dat it om in ferbean baltsjepistoal gie.

In 28-jierrige man út Ter Apel is op it Ljouwerter stasjon oanhâlden om't hy sûnder kaartsje mei de trein reizge en him net legitimearje woe. De man hat in proses-ferbaal krigen.

(advertinsje)