Kollum: "Briedmasine"

07 mrt 2018 - 07:45
  • De Toan fan Eelke Lok

"Sneintemoarn wie it noch winter, sneintemiddei wie it ynienen maitiid. Selden sa’n oergong meimakke. Dan rinne je al gau efkes de polder yn, ynearsten net fierder as de hikke. Mar o wat lei dat lân moai yn it sintsje. As rôp it skriezen, ljippen, hoantsen, ljurkjes, tjirkjes, strânljippen, wylpen, waarlamkes, piipljurkjes, boumantsjes en wat al net ta: Kom hjir mar. Dat dogge we ek mei Dútsers. It kostet miljoenen om te roppen dat syn bier en bed fertig steane. Sa dogge we dat ek mei skriezen. Miljoenen. Mar dy fûgels roppe: we ha neat oan jild, keapje der mar michjes en wjirms foar, dan komme we miskien. Oeral bestiet hannel yn, mar net yn miggen.

It resultaat is dat wy aanst mei lânskipspine yn ’e bealch troch de greiden swalkje. It gers dêrfan is opfretten troch ûnhuere ploegen guozzen. Dat binne fegetariërs, dy frette gjin michjes. En se prate der op 't heden al oer om hjir mar asyl oan te freegjen, dy guozzen wolle hjir wol wenje. En sa wol it dat ús kommissaris aansten moarns rikke guozzeboarst op it krekkerke hat. Gjin ljipaaike.

It is fermaaklik te lêzen oer de gearkomste fan it Bûn fan Fryske Fûgelwachten. Sa neame se harsels no. Eartiids wiene it Fûgelbeskermingswachten, mar as der gjin fûgels mear binne, hoecht dat beskermjen ek net mear. Ik bin der ek noch lid fan, mar ha sa linkendewei myn nocht fan dizze aaisikersferiening. Want mear is it net.

As je no massaal beslute dat je oergean wolle ta it yn de briedmasine stopjen fan ljipaaien, dan sille je dy aaien dochs sykje en opkrije moatte. No, dan is de BFVW wer yn syn âlde hâlden en dragen werom. It sil ynearsten inkeld noch op proef, mar eins soe ik Jehannes Kramer no al oproppe wolle ta it ferbieden fan dizze sike gedachte. Mar dy doart yn ferkiezingstiid net iens te bewegen.

In lyts ljipke komt rydboskjend út syn aai. In krekt berne suske pikt al wat yn ’e grûn. Mem ljip besiket de twa oare aaikes sa del te lizzen dat de oare neikommelinkjes der noflik útkomme kinne. As dat klear is stiet heit ljip ynienen njonken it nêst en hy nimt de fjouwerling mei. Sjoch, seit er, hjir is it gers wat heger. Dat hat de boer, foar de sinten dy’t hy fan Jehannes Kramer krijt, net meand. Dêr kinne we skûlje. Want Fryslân is in gefaarlik lân. Noch slimmer foar ús as dat Syrië is foar minsken. Ik begryp ek net wat we hjir dogge, mar dat skynt tradysje te wêzen. Sju, dat is in mûzebiter. Leech bliuwe, net piipje, dan ha jim in kâns fan ien op trije dat er jim foarby fljocht. Sju, dêr rint in stienmurd, dy wreidzje har út as in terroristegroep. En nachts jonges, is der in hiel grut bist, liket wol in hûn, mar dat is in foks, it wetter rint him út ’e bek as er jim sjocht.

Sa makket heit ljip nei in pear oeren praten syn bern gewoan oan de meast freeslike oarlochssitewaasjes.

Mar as dat lytse ljipke út in briedmasine komt, is heit ljip der net. In bist siket oanhing oan wêr’t er útkomt. Mar dy briedmasine beweecht net, dus de ljipkes rinne dan mar efter Rendert Algra oan. Dy is foarsitter fan it Bûn fan Fryske Fûgelbriedmasinewachten. Dy sit aanst wer yn de Steaten om Jehannes Kramer noch mear jild ôf te troggeljen. Miskien hat hy noch wol in pear dagen oer om mei al dy lytse briedmasineljipkes troch it lân te swermjen en harren te fertellen oer de gefaren. En dat is net in oar ferhaal as heit ljip hie.

Dan sizze dy ljipkes tsjin elkoar, want dy sieten yn in briedmasine en dêr skine je hiel yntelligint fan te wurden, jonges wy ha in hopeleaze takomst. It grutste gefaar foar ús dat komt it lân yn op twa poaten, mei in fiersjogger en in telefoan mei gps. Want hy hat thús al sjoen op de webside fan it BFVW wêr’t de neisoargers aaien fûn ha. Dy kin hy dan gau opsykje en opkrije. En yn de briedmasine stopje. Wat in takomst. Jonges, as we hjir ea weikomme út dit gefaarlike lân, dan komme we hjir net wer."

Trefwurden: 
De Toan fan Eelke Lok
(advertinsje)