Brêge Koarnwertersân noch stikken, kâns op fertraging

© CAMJO media
Ferkear dat gebrûk meitsje wol fan de Ofslútdyk moat noch altyd rekken hâlde mei fertraging. De noardlike draaibrêge by Koarnwertersân, yn de rjochting fan Noard-Hollân, rekke tiisdei opnij stikken. Troch in technyske steuring wol de brêge net mear ticht. Der wurdt wurke oan in oplossing. It ferkear yn beide rjochtingen wurdt oer de súdlike brêge laat.