Earste paniel fan sinnedak op stâl Skiermûntseach pleatst

06 mrt 2018 - 22:42

Boargemaster Ineke van Gent fan Skiermûntseach hat tiisdei de earste fan mei-inoar 750 sinnepanielen pleatst op de stâlen fan de pleats De Duinhoeve op it eilân. De panielen kinne 230.000 kilowattoere leverje foar seker tritich jier. De ynvestearring fan goed twa ton is mooglik makke troch in subsydzje yn it ramt fan de Rijksregeling Subsidie Duurzame Energie. Dêrby krijt de boer in fêst bedrach foar de stroom dy't er per kilowatt leveret.

Der binne noch mear boeren op Skiermûntseach dy't in sinnedak oanlizze sille of wolle. Oer in pear moanne wurdt in oar sinnedak fan in pleats yn gebrûk naam. Dat is in inisjatyf fan de eilanner Energiekoöperaasje De Sintrale. Bewenners koene harren ynskriuwe foar de oanskaf fan ien fan de goed twahûndert sinnepanielen. De belangstelling wie sa grut, dat De Sintrale no wurket oan in twadde en tredde sinnedak.

(advertinsje)