Reuzefamke komt mei Royal de Luxe nei Ljouwert

06 mrt 2018 - 22:31
  • Organisator Jan Gaastra

Ien fan de reuzen fan teäterselskip Royal de Luxe dy't yn augustus nei Ljouwert komt, is no bekend makke. It is it famke, de saneamde 'lytse reus'. Nei alle gedachten komme der twa reuzen nei Ljouwert. Royal de Luxe en de organisaasje hoopje dat in tredde reus ek noch mooglik is. Mar dat kostet in protte jild, want elke reus moat betsjinne wurde troch tsientallen minsken.

De besite fan de reuzen is op 17, 18 en 19 augustus. It is ien fan de toppers fan dit Kulturele Haadstêdjier. Jan Gaastra, produksjelieder fan it evenemint, soarget ek foar feilichheidsmaatregels. It tal besikers foar it barren is sa grut dat guon diken ôfsletten wurde. De auto parkearje yn de binnenstêd is yn dat wykein net mooglik. Dat sil bûten de stêd moatte. Bussen bringe de besikers nei it sintrum.

Smelle strjitsjes

De reuzen hawwe al yn grutte stêden west as Montréal en Londen, mar sa'n lytse stêd mei smelle strjitsjes as Ljouwert is foar it earst. Dêrom wurde der noch wol wat oanpassingen dien, omdat de reuzen net oeral del kinne. Mar, seit Jan Gaastra, der sille gjin beammen kapt wurde. Dat wolle de Frânsen perfoarst net. En as de reuzen earne ûndertroch moatte: 'Se kinne ek bûge of troch de knibbels'. Oer de rûte dy't de reuzen ôflizze sille, wurdt foarearst neat bekend makke. Pas in pear dagen yn it foar wurdt dat dúdlik. It moat in ferrassing bliuwe.

Skiednis Ljouwert

It teäterselskip Royal de Luxe komt út de omkriten fan Nantes yn Frankryk. By elke besite oan in stêd litte se de reuzen in ferhaal meimeitsje dat ynspirearre is op de lokaasje. It ferhaal yn Ljouwert sil dus dúdlik mei de skiednis fan Ljouwert en Fryslân te krijen hawwe.

(advertinsje)