Gynekologen en ferloskundigen foar medysk tuchtkolleezje

06 mrt 2018 - 22:10

Trije gynekologen en in ferloskundige fan it Antoniussikehûs yn Snits seagen ferline jier maart in komplikaasje oer de holle by in frou dy't yn ferwachting wie. Dat seit in stel út Fryslân. Harren krekt berne dochter ferstoar dêrtroch. Foar it ferwyt stiene de medysk spesjalisten tiisdei yn Grins foar it Regionaal Tuchtcollege voor de Gezondheidszorg.

Doe't de frou 25 wiken yn ferwachting wie, rekke se yn it sikehûs omdat der wat mis wie mei de plasinta. Op 15 maart ferline jier waard se opnaam yn it sikehûs omdat se in soad bloed ferlear. De frou joech oan dat se in keizersneed woe. Dy waard trije dagen letter halje-trawalje dochs noch útfierd. De poppe wie ferstoarn. It stel seit dat it sikehûs te min ûndersyk dien hat. De tuchtrjochter docht yn april útspraak.

(advertinsje)