Ierdwaarmte yn Súdlannen

© Omrop Fryslân
Ljouwert hopet dat yn de nijbouwyk de Súdlannen folle mear ierdwaarmte tapast wurdt. Foar it nije kantoaregebiet dat dêr komt wurdt it makliker makke gebouwen te ferwaarmjen en kuoljen mei ierdwaarmte.
Om dat te stimulearjen hat de gemeente Ljouwert in masterplan opsteld. De provinsje wol it gebrûk fan ierdwaarmte ek stimulearje en sil dêrom de regeljouwing oanpasse. Foar de nije kantoaren oan de Oeriselsestrjitwei hoecht dat aanst net.