Achterrinnende digitale klokken oarsaak defekt loftalarm

Loftalarm
It moanlikse loftalarm gie moandei op in soad plakken net ôf troch te traach wurkjende digitale klokken. Dat meldt it Instituut voor Fysieke Veiligheid op Twitter. De Veiligheidsregio's giene moandei noch út fan in technysk mankemint.
It ynstitút meldt dat der hurd wurke wurdt om it probeem op te lossen. In soad digitale klokken rinne sûnt mids jannewaris oant wol seis minuten achter. Dat komt omdat Kosovo en Servië op it stroomnet in konflikt útfjochtsje oer ôfspraken foar it heechspanningsnet.