CBS: Yn Noarden is autostellerij leechste fan Nederlân

07 mrt 2018 - 00:00

Yn Noard-Nederlân wurde it minst tal auto's fan Nederlân stellen. Dat docht bliken út sifers fan it  lanlike sintraal buro foar de statistyk (CBS). Yn Fryslân wurde yn de gemeente Ljouwert de measte auto's stellen. Tusken 2015 en 2017 waarden dêr fan alle tûzen auto's 0,5 oant ien stellen. Skiermûntseach en Flylân litte noch hegere sifers sjen, mar dy binne fertekene omdat dêr folle minder auto's omride.

Ut de sifers fan it CBS docht fierders bliken dat der lanlik sjoen tusken 2010 en 2017 40 persint minder auto's stellen binne. Stellerij fan ûnderdielen fan auto's of guod fan of út auto's is mei 47 persint ôfnaam.

Trefwurden: 
autostellerij CBS
(advertinsje)