Provinsje wol tekoart Blokhúspoarte net oansuverje

De provinsje Fryslân wol gjin ekstra jild jaan om it tekoart fan de ferbouwing fan de Blokhúspoarte oan te foljen. Deputearre Sander de Rouwe seit dat de taseine 7,8 miljoen euro it maksimale bedrach is.
De Blokhúspoarte is yn de ôfrûne twa jier yngripend ferboud. Dat soe foar in bedrach fan goed 20 miljoen euro, mar de kosten binne mear as 4 miljoen heger útfallen en it wurk is noch net klear. No is it de grutte fraach wêr't dat jild weikomme moat, want salang't it der net is, leit it wurk fan oannimmer Dijkstra-Draisma oan de âlde finzenis stil. Eigener BOEi fan de Blokhúspoarte wol hawwe dat de provinsje jild tasein hat, mar neffens deputearre De Rouwe is dat net sa.
De gemeenteried fan Ljouwert praat woansdeitejûn oer it jildtekoart. Wethâlder Deinum soe earder praat hawwe oer in ekstra bedrach fan 1,2 miljoen fan de provinsje, sadat it bedrach op 9 miljoen komme soe. Mar neffens deputearre Sander de Rouwe stiet it bedrach fan 7,8 miljoen euro swart op wyt, en komt dêr gjin sint mear by.
De VVD yn Provinsjale Steaten hat fragen steld oer de kwestje. De partij wol graach opheldering oer wat der no echt ôfpraat is oer de Blokhúspoarte, 'it fisitekaartsje fan LF2018'.