Boargemaster Marga Waanders foarsitter Keunstwurk

Marga Waanders © Omrop Fryslân
Marga Waanders is de nije foarsitter fan Keunstwurk. Se nimt de funksje oer fan Skelte Brouwers dy't nei acht jier ôfskie nimt. Marga Waanders is boargemaster fan de gemeente Dongeradiel. Se seit dat it tige wichtich is om keunst en kultuer te stypjen en te stimulearjen. As foarsitter fan Keunstwurk wol se dêr graach oan meiwurkje.
Keunstwurk is in advysorganisaasje foar kultueredukaasje, amateurkeunst en profesjonele keunst yn de provinsje.