Jongeren yn Weststellingwerf begjinne letter mei drinken

(foto as yllustraasje) © Omrop Fryslân
Jongeren yn de gemeente Weststellingwerf begjinne as se wat âlder binne mei it drinken fan alkohol. Dêrneist binne âlden stranger wurden yn it hantearjen fan de regel dat bern ûnder de 18 jier gjin alkohol hawwe meie. Dat konkludearret de gemeente Weststellingwerf yn de evaluaasje fan it eigen alkoholbeleid fan de ôfrûne fjouwer jier.
It docht fierders bliken dat de drank- en hoarekawet wat better neilibbe wurdt. Yn 2015 barde dat yn 27 persint fan de gefallen, ferline jier wie dat 31 persint. It slagget in jongere ûnder de 18 jier foaral yn sportkantines, kafetaria's en sliterijen om oan alkohol te kommen. Dat komt nei foaren út ûndersyk fan it platfoarm Nuchtere Fries. By supermerken yn Weststellingwerf slagget it minderjierrigen it minst faak om oan drank te kommen. Dochs gie dat ferline jier wer wat makliker as yn 2015.
De gemeente wol nei oanlieding fan de sifers yn petear mei de ferkeapers fan alkohol. Boargemaster Van de Nadort seit dat der noch in soad te ferbetterjen falt.