Jier selstraf foar gewelddiedige gizeling op camping

Camping Rêst en Romte yn Boelensloane © Omrop Fryslân, Bauke Deelstra
In 38-jierrige Drachtster dy't in jier lyn belutsen wie by in gewelddiedige gizeling op camping Rêst mei Romte yn Boelensloane, hat in jier selstraf krigen. Hy spile in grutte rol by de gizeling en bedriging fan in man út Almelo dy't op de camping in sjalet hiere soe.
De eigeneres fan de fakânsjewenning fûn dat sy jild fan de Almeloër krije moast, alhoewol't er besletten hie it húske dochs mar net te hieren. De man waard gizele, bedrige en mishannele. De oare fertochten binne earder al feroardiele. De Drachtster dy't in jier sel krige, hie in tbs-ferline. De tbs wie begjin ferline jier beëinige. De rjochtbank lit ûndersykje oft de tbs no dochs wer yn gong set wurde moat.