Liening foar produksje wetterstofgeneratoaren

© Tieluk
It bedriuw Tieluk BV yn Ljouwert kriget in liening fan in heal miljoen euro fan de provinsje Fryslân. Fan dat jild wurdt yn Ljouwert in plak ûntwikkele foar de produksje fan wetterstofgeneratoaren. Mei-inoar stekt it bedriuw dêr 1,3 miljoen euro yn. Fjouwer minsken kinne der oan it wurk.
De provinsje jout de liening oan Tieluk, omdat it bedriuw mei in belangrike nije ûntwikkeling dwaande is: ferwaarming mei help fan wetterstof. In earste proeflokaasje is ferline jier al oplevere: it swimbad fan Wytmarsum. De nije lokaasje yn Ljouwert moat folle mear produksje mooglik meitsje, bygelyks sintrale ferwaarming yn huzen. It doel fan it bedriuw is dat der folle minder fossile brânstoffen nedich binne. As in wetterstofgenerator oansletten wurdt op in gasstookte tsjettel, ferbrûkt er de helte minder gas.
De provinsje betellet de liening oan Tieluk út it programma Wurkje foar Fryslân. Dit is de lêste liening yn dy regeling. Nije oanfragen wurde net mear yn behanneling nommen.