FIDEO: Erben Wennemars helpt bern sûner te libjen

06 mrt 2018 - 19:47

Hieltyd mear learlingen fan basisskoallen binne te swier. Om dêr feroaring yn te bringen, hat gemeente De Fryske Marren in swiergewicht ynskeakele. Erben Wennemars. Hy wie tiisdei op skoalle De Klinkert yn Sleat om de bern op wei te helpen nei in sûner libben mei mear beweging.

(advertinsje)