Auto botst op beam yn Akkrum

Foto: De Vries Media

In automobilist is tiisdeitemiddei op de Alde Rykswei yn Akkrum troch noch ûnbekende oarsaak tsjin in beam botst. Mooglik is de auto yn de berm rekke en dêrnei tsjin de beam knald. Helptsjinsten hawwe de bestjoerster út har auto helle. Ambulânsepersoniel hat de frou ûndersocht. Se hoegde net nei it sikehûs. De auto hie grutte skea en is troch in berger fuortsleept.

06 mrt 2018 - 17:36
(advertinsje)